Tenenkrommend gastheerschap Fan Fryslân

Publicatiedatum: 12 Oktober 2011
Reporter: Albert Hendriks – Friesland Holland Nieuwsdienst – www.frieshollandnieuws.nl

Door Albert Hendriks, journalist en directeur van het onafhankelijke
en ongesubsidieerde bureau voor toerisme Friesland Holland.

Er mankeert van alles aan het gastheerschap van Friezen die met toeristen te maken hebben. Dat beweert het provinciaal bestuur, met name de Commissaris der Koningin John Jorritsma, in de media en in allerlei toeristische notities. Recreatie- en horecaondernemers zijn bovendien een visieloos volk dat samenwerking verafschuwt.

De steeds verder van de dagelijkse toeristische praktijk staande bestuurders blijken geen bril van Pearle, maar van de Gamma te dragen: een wc bril met het deksel naar beneden. In overheidsland, bijvoorbeeld in Súdwest Fryslân, verwijt de pot dat de ketel zwart ziet. Hedendaagser: de “Frimam” van Sneek zegt dat Wilders bekrompen is. PvdA-man Wigle Sinnema, als wethouder verantwoordelijk voor het Fries taalbeleid in die gemeente, blijkt zoveel invloed te hebben dat de Startnotitie Toeristische Visie in het Fries de wijde wereld ingestuurd wordt. Klaarblijkelijk met de bedoeling dat Koptische Christenen, Roomse Katholieken en Hollandse Heidenen in de provincie er geen gebed aan vast kunnen knopen. Taalterreur van de bovenste plank. Het is de hoogste tijd voor een contracampagne. We beginnen met stickers ‘Toeristen welkom’ en ‘Wij spreken ook Nederlands’. En een advertentie met een foto van een ploegje al jaren samenwerkende gastvrije toeristische ondernemers voor een tweetalig plaatsnaambord en de slogan: “Wij hebben geen bord voor de kop.”

Albert Hendriks, directeur Friesland Holland Tourist Information & Travel Service

 

Hieronder het 11 oktober 2011 onder andere aan journalisten gestuurde persbericht van de gemeente Súdwest Fryslân:

 

11 oktober 2011

Nummer: 168

Startnotysje Toeristyske fisy

Ús nije gemeente Súdwest-Fryslân is op 1 jannewaris in grutte gemeente wurden yn Nederlân mei grutte útdagings en in soad kwalifikaasjes. Om it foardiel fan dy fúzje wier te meitsjen is it fan belang om te bestjoeren mei moed, kreativiteit en tinken op in heger abstraksjenivo.

As wy it hawwe oer ús nije toeristyske beleid is it dêrnjonken de keunst om ek of te dalen nei in konkreet en byldzjend tinknivo. Hoe fertelle wy it ferhaal fan ússels oan in oar, meitsje wy ús omjouwing noch oangenamer en jouwe wy ynhâld oan goed gasthear wêzen? Wy moatte ús op’e nij ferpleatse yn de fraach fan de toerist, ús gast.

Om nije kânsen oan te pakken is in fisy op it toeristyske belied fan belang, wêryn de posysje fan Súdwest-Fryslân op it mêd fan de frijetiidsekonomy helder omskreaun is. No is goed tsien persint fan de wurkgelegenheid yn Súdwest-Fryslân direkt ferbûn oan de sektor Toerisme & Rekreaasje. Fan dy tsien persint is goed 40 persint ferbûn oan de wettersport. Dat sil op syn minst it gefal bliuwe moatte, leaver noch better. Mar dan moatte wy mei syn allen wol ús best dwaan om in fijne fakânsjebestimming te bliuwen. Want dat giet net fansels.

It kommende jier sil it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân dan ek in nije toeristyske fisy opstelle. Hjiryn stean de ambysjes beskreaun mei de fertaalslach derfan yn oansprekkende tema’s. Yn de startnotysje dy’t meikoarten hjirta oan de rie foarlein wurdt stiet it proses omskreaun om ta dy fisy te kommen en mei wa en wannear’t der oerlein wurde sil. Fansels kin dit net sûnder de ynset fan toeristyske ûndernimmers.

De nije fisy sil ein 2012 klear wêze.